Molkprizen hurd sakke yn 2003

06 jul 2004 - 16:52

De molkprizen binne yn 2003 hurd sakke. Ferline jier lei de priis ûnder de tritich eurosint de kilo. Boeren barden yn dat jier 2,5 prosint minder foar molke yn ferliking mei it jier dêrfoar. Dat docht bliken út in ynternasjonale priisferliking fan LTO-Nederlân.

De delgong komt troch de prizeslach yn de supermerken en de konkurrinsje tusken de regio's yn Noardwest-Europa. Friesland Coberco betelle yn 2003 30,41 eurosint de kilo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)