500 boetes yn trije oeren

06 jul 2004 - 15:37

De plysje hat moandei by in kontrôle op de N31 tusken Drachten en Easterwâlde yn trije oeren 500 minsken trapearre op te hurd riden. It folsleine bedrach fan it tal boetes is minimaal 27.500 euro.

Op it stik dyk wurdt wurke oan de oanlis fan in klaverblêd en dêrom jildt der in snelheid fan 50 yn pleats fan 80 km. De plysje sil de kommende tiid ekstra kontrolearje op it stik dyk, om gefaarlike situaasjes foar de minsken dy't dêr wurkje foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)