Hearrenfean wint Midsimmercup

© Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan It Hearrenfean wûnen moandeitejûn de finale fan 'e Midsimmercup mei 4-2 fan CVVO fan De Lemmer. Troch it minne waar koene de finales sneon yn Dronryp net spile wurde. De tredde priis by de manlju wie foar Stiens en de Zeerobben út Harns.
By de froulju wie de winst by dit earste bûtendoar sealfuotbaltoernoai foar Comme si comme ça fan Ljouwert. Sy fersloegen de froulju fan Hearrenfeanse Boys mei 3-1.