Nije funksjes Ljouwerter amtners

© Omrop Fryslân
Ljouwert is dwaande mei oerpleatsing fan amtners dy't oerstallich wurden binne op in bepaalde funksje. De gemeente wol foarkomme finansjeel en organisatoarysk yn problemen te kommen.
By elke nije fakatuere wurdt besjoen oft dy ek yntern opfold wurde kin. Fierder is de gemeente dwaande mei saneamde opliedingsklaskes om oerstallige amtners klear te stomen foar in oare funksje yn it amtlik apparaat.