Sloop en nijbou yn Dongeradiel

06 jul 2004 - 12:23

De plannen foar it slopen en nijbouwen fan hûnderten huzen yn Dongeradiel kinne, nei in jier fertraging, no dochs trochgean. Yn it gemeentehûs yn Dokkum binne moandei de nije winsken presintearre.

De plannen geane oer 13 doarpen. Mei- elkoar wurde 176 âlde huzen sloopt. Dêrfoar yn it plak komme 249 nije. Neffens wethâlder Van der Graaf hiene de fertragings te krijen mei problemen mei de prosedueres.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)