Pastoars stride om skaaktitel

© Omrop Fryslân
Pastoars út hiel Nederlân giene moandei de striid oan op it skaakboerd. Dat diene se yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert, dêr't it NK skaken hâlden wurdt. Fanwege dy bysûndere lokaasje wie it idee opkaam om ek ris pastoars út te noegjen foar in wedstriid.
Yn de tsjerke sitte skakers al fiif dagen ûnder de kânsel te stinnen op har setten. Moandei kamen dêr nochris 27 pastoars by. In útjouwerij út Gorkum hat ek ris sa'n wedstriid hâlden.