Gjin Baanveger mear yn Grou

05 jul 2004 - 17:08

It stânbyld De Baanveger yn Grou is stellen. Sneontenacht is it byldsje fan syn sokkel helle. It giet om in replika, it orizjineel is yn de rin fan de tiid stikken ferzen.

De gemeente Boarnsterhim hat it byldsje yn 1990 fan de Iiswegesintrale Idaarderadiel krigen, doe't dy 50 jier bestie. De gemeente hat oanjefte dien by de plysje. In pear jier lyn waard it byld troch in Aldjiersploech meinaam, mar doe is it netsjes wer werom brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)