Ergernis oer dûbelde leanen

05 jul 2004 - 15:19

Soarchfersekerder De Friesland is ûngelokkich mei de hege salarissen yn de soarch. Benammen de OBU-regeling is min foar de byldfoarming. Hjirby wurde topminsken mei pensioen wer ynhierd en strike sa in dûbel ynkommen op.

De Friesland tinkt dat de berjochten oer de salarissen ta klachten liede sille. It is dreech te ferkeapjen dat it ekstra jild foar mear hannen oan it bêd, benammen by topminsken bedarret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)