Mishannelers oanholden

05 jul 2004 - 14:25

Nei in achterfolging hat de plysje sneintenacht yn Snits twa bruorren oanhâlden. De manlju, fan 38 en 43 jier, wiene earder op 'e jûn by in wenboatbewenner yn Snits lânsgien om ferhaal te heljen foar in âld konflikt. Dêrby waard de man mishannele.

De broers riden mei har auto ek noch yn op de soan fan it slachtoffer. Doe't de plysje kaam, naaiden de manlju út. Oare minsken besochten de arrestaasje tsjin te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)