Brân yn loads Spannum

© Omrop Fryslân
By in brân yn in loads achter in oanhingweinbedriuw yn Spannum binne yn de nacht nei snein ferskate weinen ferlern gien. Yn de loads stienen oanhingweinen, fouweinen, karavans en antike auto's. Hoe't it fjoer ûntstean koe, is noch net bekend.
De brânwacht wie mei 30 man oan it wurk om it fjoer út te krijen. In tal hynders út in stâl njonken de loads, binne foar de wissichheid evakuearre, om't de brân drige oer te slaan.