Deadlik ûngemak by Garyp

05 jul 2004 - 12:35

In 57-jierrige ynwenner fan Garyp is yn de nacht fan sneon op snein om it libben kaam by in ûngelok yn syn wenplak.

De man fytste op de Easterein tusken Garyp en de Garypster hoeke. Nei alle gedachten waard de man net goed en is er op de dyk telâne kommen. In autobestjoerder út Hurdegaryp koe him doe net mear ûntwike. De auto rekke by it ûntwiken noch twa beammen, mar de bestjoerder rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)