Trio Johan Abma wint yn Peins

05 jul 2004 - 10:15

It partoer Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger hat sneintemiddei it earsteklasse keatsen yn Peins wûn. Se wûnen yn de finale fan it partoer Pieter Bakker, Peter Dijkstra en Marten Hiemstra.

De tredde priis wie foar it partoer Pieter Otte Kingma, Hylke Bruinsma en Peter de Boer. Daniël Iseger waard kening fan dizze twadde frije formaasjepartij yn de nije syklus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)