Folkert de Haan wint seisdaachse

05 jul 2004 - 10:01

Folkert de Haan hat de seisdaachse fan Noordenveld-Westerkwartier wûn. Hy wûn snein ek it lêste kritearium yn Peize. Hy lei lange tiid op kop mei Johan Dalstra, mar wist him fan him los te meitsjen. Dalstra waard úteinlik tredde nei Sierd Steigenga.

Herman Steensma fan Surhústerfean wie sneon by it kritearium fan De Wylp de bêste. Hy kaam solo oer de einstreek nei't er op tiid útnaaid wie by de oare trije koprinners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)