Optimisme yn Coopmanshûs

05 jul 2004 - 10:01

De iepening fan de ôfskiedseksposysje Exit 49-51 yn it Coopmanshûs sneontemiddei yn Frjentsjer ferrûn yn in sfear fan optimisme oer de takomst. Dat wylst der minder fleurige lûden by de gemeente wei komme. Sa soe it Coopmanshûs net ferhúzje kinne nei it Martenahûs.

Deputearre Mulder sei dat er noch altyd posityf is oer de ferhuzing. Hy giet derfan út dat de gemeenterie in better plan ynleverje sil by de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)