Lounge-aai makke yn Stynsgea

© Omrop Fryslân
In lounge-aai, makke yn Stynsgea, gong sneon, op de dei fan de arsjitektuer, op transport. It aai is makke foar de famylje Nauta yn Grins en is in rûmte om yn te ûntspannen. De famylje woe wolris wat oars as in gewoane erker.
De kar foar in aai hat de krijen mei de foarm fan har hûs: in nijbouhûs opboud út strakke lijnen. It aai is foar in grut part makke fan lead en weacht 7 ton. Yn it plafond sitte ruten. De dop kin hydraulysk iepene wurde.