Jild Lionsclub nei Poalen

© Omrop Fryslân
De Lionsclub yn Wolvegea hat jild jûn oan twa berneprojekten yn de Poalske gemeente Choszczno. De gemeente Weststellingwerf hat dêr in freonskipsbân mei. In part fan it jild fan de Lionsclub gie nei in doarpshûs dêr't bern út earme famyljes in waarm miel krije kinne.
Fierder krige in manaazje dêr't handikapte bern rydles krije, ek jild út Wolvegea. Wethâlder Plekkenpol hie it jild meinaam by in besite oan Poalen.