Trio René Janse wint yn Itens

04 jul 2004 - 13:20

It partoer fan René Janse (Grins), Durk van der Meer (Grou) en André Iedema (Menaam) hat sneontemiddei de earste klasse keatspartij yn Itens wûn. It wie de earste wedstriid yn de nije syklus.

It partoer Janse wûn yn de finale fan it partoer Pieter Bakker (Ljouwert), Peter Dijkstra (Bitgummole) en Marten Hiemstra (Ried). De útslach wie 5-3 en 6-2. It trio Mannes v. Weert (Ingelum), Gerrit Bijlsma (Grou) en Hendrik de Jong (St Jabik) wûn de tredde priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)