Deade bever fûn by Grou

© Omrop Fryslân
In deade bever, ôfkomstich út bistepark Aqua Zoo by Ljouwert, is dizze wike fûn by Grou. It bist wie in pear moanne lyn mei fiif famyljeleden ûntsnapt. De bever wie fersûpt yn in fûke fan fisker Halbe Elsenga fan Warten.
It bist is seis jier âld en mar leafst tweintich kilo swier. Fan de seis ûntsnapte bevers binne der noch twa op de flecht. Se binne sinjalearre by Lytse Geast. Dêr binne fallen útset om se libben te fangen.