Fragen PvdA oer feiligens

© Omrop Fryslân
De PvdA yn de gemeenteried yn Ljouwert wol wite hoe't it steld is mei de feiligens fan elektra op skoallen. Dat skriuwt de fraksje yn in brief oan boargemaster en wethâlders. De PvdA komt mei de fragen nei't de brânsjorganisaasje fan ynstallateurs warskôge hat dat it min steld is mei de feiligens.
Sa lizze der faak snoeren en stekkers dy't eins net brûkt wurde meie. De PvdA wol wite wat de gemeente dêr oan docht.