'Boeregolf' yn Westergeast

03 jul 2004 - 16:44

Boeregolf: it begûn as in geintsje yn 1999 op in buorkerij yn de Achterhoek. Mar sa stadichoan liket it in serieuze sport te wurden. Sûnt in wike kinne ek Friezen besykje om mei in klompe oan in stok in lytse fuotbal yn in amer of in blompot te slaan.

Dat bart samar tusken de kij of yn in stik greidlân mei koartmeand gers. De famylje Dijkstra yn Westergeast hat de Fryske primeur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)