Untwerp keunstwurk Noardwâlde

03 jul 2004 - 16:04

De gemeenterie fan Weststellingwerf kiest kommende tiisdei in ûntwerp foar in keunstwurk dat yn it sintrum fan it flechtdoarp Noardwâlde komme moat. De striid giet tusken fjouwer keunstners, trije út Fryslân en ien út Amsterdam.

It keunstwurk makket diel út fan in opknapbeurt fan it sintrum. It wurk is ferline jier augustus út ein set. Ein dit jier moatte faze ien en twa klear wêze. En dêr bliuwt it by, want foar in plande faze trije is gjin jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)