Mem Lusanne docht ferhaal

03 jul 2004 - 14:13

De mem fan Lusanne v.d. Gun hat freed har ferhaal dien oer de ûntfiering fan har dochter. Sy die dat as tsjûge, by it heger berop yn de saak. Lusanne sels wie by dat heger berop net oanwêzich.

It Iepenbier Ministearje hat it heger berop oantekene omdat it de straf fan 5 jier foar de ûntfierder út Ryptsjerk te leech fynt. Ek de âlden fine dat. Neffens Lusannes mem hat de ûntfiering grutte ynfloed hân op it gesin. De nije eask fan it IM is acht jier sel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)