Ljouwert 500 jier haadstêd

03 jul 2004 - 13:23

Ljouwert is sneon op 'e kop ôf 500 jier haadstêd fan Fryslân. Op 3 july 1504 wiisde hertoch Georg fan Saksen de stêd oan as stânplak fan it hôfgerjocht.

Freed krigen de gemeentebestjoerders fan Ljouwert alfêst in plakette oanbean fan de histoaryske feriening Aed Levwerd. De tinkstien hinget yn de hal fan it krekt ferboude stedhûs oan it Raadhuisplein. It jubileum wurdt fierders sober hâlden mei in kongres en de útjefte fan in tiidskrifte-rige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)