Kabinet Beekman Marrum ticht

© Omrop Fryslân
Keunstgalery Kabinet Hendrik Beekman yn Marrum stiet te keap. Neffens eigners Hendrik Beekman en Margrietha de Vries kin it net mear út. De lêste tiid is it tal besikers fan de galery flink weromrûn. Boppedat ha it echtpear sûnensproblemen.
Fan takom jier ôf sil it echtpear ek mear tiid yn Spanje trochbringe, dêr't se in skieppestâl kocht ha dy't se no ferbouwe. It pear bliuwt wol yn Marrum wenjen.