Achtkarspelen moat besunigje

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen moat 2,7 miljoen euro besunigje en hat dêrby de biblioteek fan De Harkema en it swimbad fan Surhústerfean op it each. Dy foarsjennings moatte mooglik slute. De gemeente begrypt dat dizze maatregels pynlik binne en dat ynwenners fan de doarp der net bliid mei wêze sille.
De gemeente wol lykwols in lesteferheging foar de ynwenners foarkomme. Mooglik wurdt der noch fierder ûndersyk dien nei de plannen.