Wyksintra misse ID-ers

© Omrop Fryslân
In soad wyksintra yn Ljouwert reitsje yn swier waar as de subsidiearre ID-banen op 31 july fuortfalle. In pear fan de sintra, bygelyks dy yn de wiken Cammingabuorren en Schieringen, ha al oanjûn de doarren te sluten.
Mei-inoar driigje tolve minsken har baan kwyt te reitsjen. De Partij van de Arbeid yn Ljouwert wol in aksje begjinne om de banen te behâlden foar de wyksintra.