'Suderseespoar wurdt opholden'

02 jul 2004 - 16:07

De Fryske steaten hiene sûnder fierdere konsekwinsjes de hântekening sette kinnen ûnder it bestjoersakkoart foar de Suderseespoarline. Dat seit Alders fan de stjoergroep Súderseespoar.

De Fryske steaten wegerje te tekenjen omdat se earst mear witte wolle oer de finansjele en juridyske risiko's fan it projekt. Op it momint dat de oerienkomst tekene is kin it plan fierder útwurke wurde. Alders fynt dat it fierstente lang duorret yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)