SV Grol - Hearrenfean: 1 - 9

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean wûn tongersdei yn Groenlo de earste oefenwedstriid fan it nije seizoen mei 1-9 fan SC Grol. De Feansters hiene by it skoft in 4-0 foarsprong troch doelpunten fan Daniël Berg Hestad, Stefan Selakovic (2x) en in eigen doelpunt fan SC Grol.
Nei de rêst stjoerde trainer Gert Jan Verbeek in folslein nije ploech it fjild yn. Yuri Rose makke doe twa doelpunten, de nije spits Klaas Jan Huntelaar trije.