Fiskus pakt oannimmer oan

02 jul 2004 - 11:43

De belestingtsjinst easke tongersdei yn in koart pleit by de rjochtbank dat de Fryske oannimmer Joost Visser syn mooglike skaadboekhâlding sjen lit. De tsjinst tinkt dat it bedriuw winst makke hat troch boufraude en wol it bedriuw dêr ekstra foar betelje litte.

Boubedriuw Joost Visser is benaud dat it ek troch de NMA oanpakt wurde sil en wegeret de fiskus tagong ta de boeken. De namme Joost Visser komt foar yn 'e saneamde 'Bosatlas' fan boufraude.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)