'Dea man wie te foarkommen'

02 jul 2004 - 11:12

De dea fan 'e Ljouwerter (55) dy't 8 moanne dea yn syn hûs lein hat hie neffens de GGD mooglik te foarkommen west. De GGD krige al yn july 2003 sinjalen dat it net goed mei de man gie en woe doe aksje ûndernimme. De GGD frege tastimming oan de gemeente om it hûs yn te gean, mar de gemeente hat nea op it fersyk reagearre.

Yn febrewaris dit jier waarden gas en elektrysk ôfsletten, wylst de man al dea yn syn sliepkeamer lei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)