Wâldwei om 18.20 oere frijjûn

02 jul 2004 - 10:06

De Wâldwei by Drachten yn de rjochting Ljouwert wie tongersdei oant 18.20 oere ta ôfsletten foar al it ferkear. By de ôfslach nei De Rottefalle kantele tongersdeitemoarn in frachtwein mei floeibere sûker.

De dyk koe de hele dei net frijmakke wurde omdat de sûker earst oerhevele wurde moat nei in oare frachtwein en dy moast út Brabân komme. It ferkear waard omlaat fia de Noarder- en Suderhegewei yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)