'Haven Harns net feilich genôch'

© Omrop Fryslân
Fiif fan 'e acht bedriuwen yn 'e Harnzer yndustryhaven foldogge noch net oan de nije feilichheidsregels om terrorisme foar te kommen. De bedriuwen hiene neffens in Europeeske rjochtline foar 1 july klear wêze moatten.
It sil by de measte bedriuwen noch moannen duorje ear't se klear binne. Ek de gemeente, dy't ferantwurdlik is foar it iepenbiere part fan 'e haven, is noch net klear. Frisia Zout en Spaansen foldogge wol oan de easken.