Oanhâldings foar minskehannel

01 jul 2004 - 18:31

It prostitúsjeteam fan de plysje Fryslân hat yn Drachten twa mannen en in frou oanholden fanwege minskehannel. It giet om twa Nederlanners fan 41 en 47 jier en om in Roemeenske frou fan 25 jier.

De trije wurde der fan fertocht froulju út East-Europeeske lannen twongen te hawwen ta prostitúsje yn in priveehûs yn Drachten. De plysje kaam de saak op it spoar nei oanjefte troch ien fan de slachtoffers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)