Romano Denneboom nei NEC

© Omrop Fryslân
Romano Denneboom ferhuzet fan Hearren- fean nei NEC. De 23-jierrige oanfaller fan Hearrenfean tekene in kontrakt foar trije jier by de klup út Nijmegen. Hy stie noch oant 2006 ûnder kontrakt by Hearrenfean.
Denneboom kaam yn 1997 fan Spijkenisse nei Hearrenfean. Ein oktober waard er ferhierd oan Willem II. Hy spile 112 kompetysjewedstriden foar Hearrenfean en makke 23 doelpunten. Foar Willem II skoarde hy 5 kear yn 25 wedstriden.