FNP tsjin geheime gearkomsten

01 jul 2004 - 17:14

De gemeente Ljouwert docht te heimsinnich oer it grutte bouprojekt Súdlannen. Dat fynt de FNP yn Ljouwert. It bart geregeld dat politike partijen bypraat wurde moatte yn fertroulike en geheime gearkomsten.

Neffens FNP-riedslid Sybren Posthumus heart sa'n wichtich en grut projekt iepenbier te wêzen. Hy wegere dêrom woansdei nei de gearkomste te gean. Yn de nije wyk besuden Ljouwert komme de kommende tweintich jier 6500 wenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)