'Gjin setbaas op 'e Akademy'

© Omrop Fryslân
De Ried fan 'e Fryske Beweging makket him der soargen oer dat de Fryske Akademy 'in setbaas út Hollân' krijt. It is de Ried min nei it sin dat de KNAW de finansjele problemen by de Akademy oangripe wol om folslein baas te wurden oer de Fryske Akademy. De KNAW wol it Akademy-bestjoer opdoeke.
De Ried wol dat de Akademy selsstannich bliuwt en ek yn 'e takomst bestjoerd wurdt troch minsken út Fryslân, en net út Amsterdam wei, dêr't de KNAW sit.