Easterlittens wint FK pelote

30 jun 2004 - 21:02

It partoer fan Easterlittens (trio Jochum Bouma) hat foar de tredde kear it Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote wûn. De finale waard ferkeatst op it plein fan Easterlittens.

Easterlittens wûn dy finale mei 10-4 fan it partoer fan Winsum (ek yn Littenseradiel). By skoft stie it noch 5-4. Neffens kenners wie it nivo fan dit kampioenskip ridlik, mar ha de Belgen it spultsje altyd noch better ûnder de knibbel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)