Posityf resultaat De Friesland

30 jun 2004 - 17:45

Soarchfersekerder De Friesland hat in poerbêst jier achter de rêch. De fersekerder slút 2003 ôf mei in posityf resultaat fan mear as 12 miljoen euro. Dat bedrach wurdt oan de reserves taheakke.

It resultaat is neffens de fersekerder sels opmerklik, omdat de kosten fan de soarch hieltyd fierder omheech geane. It tal fersekerden naam mei 3000 ta en hat no in rekord-hichte berikt fan mear as 390.000.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)