'Groepen kriminelen yn Ljouwert'

30 jun 2004 - 13:23

De plysje tinkt dat de gewelddiedige oerfallen fan de lêste tiid yn Ljouwert it wurk binne fan ferskate groepkes kriminelen. By de oerfallen wurdt de lêste tiid in soad grof geweld brûkt. Dêrby waard in frou yn de holle stutsen en in man yn de rêch sketten.

De plysje wurket mei acht resjersjeurs om de dieders te efterheljen. Oft de groepen inoar kenne en gearwurkje, koe de plysje yn it ramt fan it ûndersyk net sizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)