Nije skiednis Fryske literatuer

© Omrop Fryslân
Utjouwerij Prometheus yn Amsterdam jout ein takom jier in Nederlânsktalich boek oer de skiednis fan de Fryske literatuer út. It jout in oersjoch fan de santjinde ieu ôf oant no.
Tsien auteurs leverje in bydrage. De koördinaasje is yn hannen fan Tresoar. Der is omtinken foar wurk fan Gysbert Japicx, Albertina Soepboer en Rink van der Velde. De provinsje stipet it projekt lykas it Nederlânsk Literêr Produksje- en Fertalingefûns.