Marsum: soargen oer nije diken

© Omrop Fryslân
Doarpsbelang Marsum liedt de needklok oer de oanlis fan twa nije diken by it doarp. Der binne twa grutte projekten, te witten: de Heak om Ljouwert en de Noardwesttangent. Dy lêste wei is in nije ûntslutingsdyk foar Noardwest-Fryslân om Ljouwert hinne.
De Marsumers wolle no dat dizze twa diken tagelyk oanlein wurde, oars driigje der ferkearsûnfeilige situaasjes. Doarpsbelang hat dêroer in brief oan de provinsje skreaun.