Sportfoarsjennings yn Sint Jabik

30 jun 2004 - 11:44

De ferpleatsing en fernijing fan in tal sportfoarsjennings yn Sint Jabik giet definityf troch. Der is fiif jier oer praat. Sint Jabik krijt in nije sportseal mei twa kantines. Fierder komme der nije tennisbanen, in nij fuotbalfjild en in nij keatsfjild.

Op it plak fan de âlde fjilden komme 29 huzen. De bou derfan begjint septimber takom jier. De kontrakten tusken de gemeente en de projektûntwikkelder binne tiisdei tekene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)