Fearboat by Swarte Haan oanlizze

© Omrop Fryslân
Fan Swarte Haan moat in fearboat nei It Amelân farre. Dat plan komt fan Biltse rekreaasje-ûndernimmers. It plak oan de seedyk boppe Sint Anne wie oant de fyftiger jierren it oanlisplak fan de fearboat.
Troch de Ofslútdyk feroaren de streamingen yn de Waadsee en waard it haventsje by Swarte Haan te ûndjip foar de fearboat. Mei in lytsere boat en wat baggerwurk kin de haven neffens de ûndernimmers wer brûkt wurde.