Hynderke fan 38 sm grut

30 jun 2004 - 10:20

Yn Hijum rint in fôltsje fan 38 sintimer grut om. It bistke Tiffany is moandei berne en 'miny-Shetlânpony' fan soart. De heit en de mem binne 78 en 72 sm grut, mar sa lyts as Tiffany hat de fee-arts se ek noch nea meimakke.

Tiffany mocht tiisdei foar it earst yn har koarte libbentsje nei bûten ta. It hynderke is sa lyts dat it tsjin de poes en de hoanne opsjen moat. Tiffany wol noch net sa goed drinke, mar de ferwachting is dat dat wol better wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)