Terpstra iepenet NK skaken

30 jun 2004 - 09:59

Foarsitter Erica Terpstra fan NOC-NSF hat tiisdei it NK skaken iepene yn Ljouwert. Yn 'e Grutte Tsjerke stride oant 10 july tsien manlju en seis froulju om it nasjonaal kampioenskip. Der is ien Fryske dielnimmer. Master Yge Visser fan Haren (berne yn Snits) makket op syn 40ste syn debút op it NK.

Titelferdigener by de manlju is Loek van Wely en by de froulju Zhaoqin Peng. Tagelyk mei it NK stride acht skakers om it Frysk kampioenskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)