Rjochtsaak oer wynturbines

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea wol net dat fyftjin boeren yn de gemeente Littenseradiel wynmûnen delsette. Dêroer tsjinne tiisdei in rjochtsaak yn Ljouwert. De boeren hawwe al in boufergunning, mar dy moat de gemeente ynlûke, fynt it Fryske Gea.
Yn 2000 ferbea de provinsje de bou fan wynmûnen op it plattelân. Flak dêrfoar krigen de boeren noch gau in fergunning fan Littenseradiel. De turbines meie net heger as 35 meter wêze.