De Haan liedt yn seisdaachse

30 jun 2004 - 08:54

Nei de earste dei fan 'e seisdaachse fan it Noordenveld-Westerkwartier is Folkert de Haan de drager fan 'e giele trui. De seisdaachse begûn mei in prolooch. Dy koarte tiidrit waard wûn troch Sierd Steigenga fan Eksmoarre.

Yn it 80 kilometer lange kritearium gie de oerwinning nei Pim van den Berg fan Emmen. Fries-om-utens Folkert de Haan waard twadde. Omdat de Haan 7de wie yn 'e prolooch is hy de earste lieder fan it klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)