Rioel Koudum rint fiver yn

© Omrop Fryslân
It nije rioeloerstoart yn Koudum soarget foar problemen. It stoart is ferkeard oansluten en it smoarge wetter rint de fiver fan it Aldefurdpark yn. No binne ferskate gerskarpers deagean. De fisken binne útset yn de fiver om tichtgroei foar te kommen. Foarhinne waar it smoarge wetter loasd op it bûtenwetter. De FNP-fraksje stelt de saak no oan de kaak by de gemeente Nijefurd.