Yge Visser wint on-line partij

29 jun 2004 - 16:42

Nei fjirtich setten sit de on-line skaakpartij fan it Fryske publyk tsjin master Yge Visser der op. It publyk joech tiisdei op, omdat de stelling hopeloas wurden wie. Foar Visser komt de ein fan 'e partij op in goed momint, want woansdei begjint yn Ljouwert it Nederlânsk Kampioenskip Skaken.

Oan de twadde on-line skaakpartij fan de omrop diene hûnderten minsken mei. Under harren wurde tsien skaakboeken ferlotte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)