Edman nei Itaalje?

29 jun 2004 - 08:53

Ferdigener Erik Edman fan SC Hearrenfean stiet yn de belangstelling fan it Italjaanske Inter Milaan. Dat skriuwt ien fan de grutste Sweedse kranten. Edman is de Italjanen opfallen by it Europees Kampioenskip fuotbal yn Portugal. Dêr helle er mei Sweden de kwartfinale.

Edman spilet sûnt 2001 foar de Fryske klub. Dêrfoar stie er alris ûnder kontrakt by it Italjaanske Torino. Hy spile dêr gjin inkele wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)